Frijheid fan skoalle ↔ Frysk op skoalle

Nije ministerspost, “minister fan Basis- en Fuortset Underwiis en Media”, nije minister, de CU-er Arie Slob, en ek folslein nij op ferplicht ûnderwiis: in minister sûnder portefeuille! Gjin portefeuille: dat is dus òf sûnder ferantwurdlikens, òf net oan it haad fan it ministearje, dus sûnder formele macht. It ûnsillige gefolch liet net lang op him wachtsje.

Op tongersdei 9 novimber stjoerde de minister in brief nei de Twadde Keamer, in ministersbrief—in keamerbrief bestiet net; Van Dale: “Geen resultaat voor ‘kamerbrief’”—dêr’t er yn anderet op guon advizen fan it it advysorgaan foar de Fryske taal, Dingtiid. Yn maaie hie Dingtiid yn syn lange advyslist, om it Frysk yn it ûnderwiis te fersterkjen, útstellen dien dy’t wetswizigingen easkje. Alle oare útstellen hoegde de nije minister net op yn te gean, mar, portefeuilleleas of net, op dy dy’t de brûkberens fan de ûnderwiiswetten ymplisearren, moast de minister reagearje. Dat hat er dien.

Wêr’t Dingtiid de wet foar feroarje woe wie, earst, dat skoallen yn Fryslân ferplichte wurde om allinne mar leararen mei in Frysk foech oan te stellen (advys 19); twad, dat yn alle foareksamenklassen yn Fryslân op syn minst twa oeren yn ’e wike ûnderwiis yn de Fryske taal jûn wurde moat (advys 20.1); tred, dat alle skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân Frysk as eksamenfak oanbiede moatte (advys 20.2); en fjird, dat foar alle leararen yn Fryslân it Frysk foech yn ’e bekwamenseasken opnommen wurde moat (advys 4).

Fan sokke útstellen ta wetsoanpassing kin in minister min sizze dat dy ûnetysk of ûnearlik binne; op syn heechst dat der wol mear nedich is as dizze beskieden útsteltsjes om in rykstaal fan ’e ûndergong te rêden. Mar beide die er net. De minister leit nammentlik út dat er der neat oan dwaan kin. “[V]an bovenaf verplichtingen” oplizze kin net, in bytsje om de frijheid fan Fryslân, mar benammen om it serieuze obstakel fan de frijheid fan de skoallen.

De minister syn ekskúsbrief begjint mei it útinoar setten dat “In de Wijzigingswet onderwijs in de Friese taal wordt beschreven dat de Rijksoverheid bijdraagt aan het … versterken van de kwaliteit van het vak Fries in het onderwijs, door de bevoegdheid … aan de provincie Fryslân te delegeren.” Ek de bestjoersôfspraak, seit de minister leit “de verantwoordelijkheid voor het onderwijswijsbeleid met betrekking tot het Fries en de uitvoering hiervan bij de provincie.” De ferantwurdlikens fan ’e ryksoerheid, heakket de minister ta, leit op in oar flak, “by de naleving van het Europees Handvest”, wat sa is, mar dy leit likegoed by alle legere oerheden. Ek, seit de minister, finansieret de ryksoerheid it hiele ûnderwiis yn it Frysk, “Het Fries heeft hier een speciale positie”, plus de Fryske kultuer, Fryske media, Fryske juridyske saken, goed Frysk lesmateriaal, en “Ook financiert het Rijk het Orgaan voor de Friese Taal (DINGtiid).” Sa.

Mar ynienen fynt de troch de minister fet ûnderstreke Fryske bestjoersfrijheid dan syn ein. Net dat de CU-minister der fyntsjes op wiist dat de provinsje dy frijheid aĺ aardich beheint troch de autoburokrasy fan syn eigen beliedsregel, mar wat er seit komt dêr wol op del. De macht, sa wiist er oan, leit nammentlik hielendal net by de provinsje mar by de skoalbestjoeren.

“Het is aan leraren en scholen zelf om te bepalen op welke wijze zij invulling geven aan het onderwijs in de Friese taal. Scholen maken zelf de afweging of zij (uitsluitend) leerkrachten met een bevoegdheid Fries aan wil stellen.” Dat oangeande de beropseasken en it oannimbelied “is het niet aan de Rijksoverheid om te interfereren in de autonomie van een school en deze … van bovenaf verplichtingen op te leggen.” Mar wacht, frege Dingtiid no net just om de wet sa te feroarjen dat dat wol ‘oan de’ oerheid is? Jawis, mar sa stiet it net ekspisyt yn it advys. De minister glûpt der linich ûnder út: “Bovendien vind ik het gelet op het lerarentekort niet verstandig om scholen aanvullende eisen op te leggen voor het aannemen van leraren.” Dat sa’n leararetekoart net bestiet yn it fak Frysk, seit er der net by (en ek net dat it nije kabinet foarearst neat dwaan sil oan it skrinende leararetekoart).

Ek in ferplicht minimumoantal lesoeren, is neffens de minister, “lastig verenigbaar met de intentie van deze wet [op it fuortset ûnderwiis]”, nammentlik it doel fan de positive frijheid fan de skoallen om te dwaan wat se wolle. “Scholen zijn hierbinnen zelf verantwoordelijk voor het bepalen van het aantal lesuren per vak per week.” “Ook gaan zij over de afweging of ze Fries al dan niet als keuze-examenvak aanbieden.” Itselde ferhaal hat de minister wat de bewamenseasken oangiet. It is “niet aan de Rijksoverheid … om invulling te geven aan de bekwaamheidseisen”; dat docht in “beroepsorganisatie van leraren – in overleg met ouders en vertegenwoordigers van scholen.” Dêrby meie jo derfan útgean dat yn sa’n oerlis de skoalfertsjintwurdigers it beslissingsrjocht ha. Yn kêst 23 fan ’e Grûnwet—jo witte: ‘Het onderwijs is een voorwerp van de aanhoudende zorg der regering’—komt de âlder hielendal net foar.

It is dêr, yn skoalstriid en grûnwet, dat de almacht fan de skoallen woartelet: de frijheid fan ûnderwiis, dy’t no geregeld in ramp foar de skoalpraktyk is. Want de skoallen sels, learkrêften en skoallieding, dus de eksperts yn it fak en de lju op ierde, hawwe lang net altyd ynspraak. Doe’t wy ferline jier in learkrêft, ien dy’t foar de klasse stie en ek op ’e skoaldireksje wurke, tanten nei harren oanfreegjen fan de dielûntheffing fan it jaan fan it fak Frysk, wist dy learkrêft fan neat. De direksje wist ek neat. De macht nammentlik leit by de ynstellingsbestjoeren boppe de skoalle. De oerheid jout it ynstellingsbestjoer romte foar in revolúsjonêr plurilingual ûnderwiisplan, mar krekt deselde romte foar ambysje-leazens: it tekoart oan aspiraasje dat it ûnderwiis yn it Frysk brocht hat dêr’t it no is.

As skoalbestjoeren oer it generaal sa konservatyf bliuwe as se no binne, alle risiko’s út de wei geane en net it skoalpersoniel stypje mar the powers that be, dan kin dat alle útsjoch op goed ûnderwiis yn de eigen taal, neffens de erkende wittenskip en bewiisd effektive praktyk, keare. Dan komt der gjin goed Frysk op skoalle mear.

De skoalbestjoeren hawwe in ûnkontrolearre macht; de skoalynspeksje kin net yngripe as de skoalbestjoeren sels útmeitsje meie wat kwaliteit fan ûnderwiis is. Mar al giet it foar selsstannige bestjoeren oer om ynformeel regearjen, fansels is in minister net machtleas; hy praat mei syn amtners en hy hat it jild yn ’e bûse. Dat in minister in advys fan syn eigen advysorgaan, advys dêr’t om frege is, neist him delleit, net om’t it net polityk útfierber en kongruïnt wêze soe, mar om’t er ‘net yngripe kin’, makket beliedsadvisearring futyl. Dat dêrnei de frijheid fan ûnderwiis it ôflizzen fan demokratyske ferantwurding troch de oerheid offisjeel net mear mooglik makket, is moai noflik foar de minister. It binne de earste skaaimerken fan de bananerepublyk. En dy binne selden meartalich.

Advertisements

Brede Maatskiplike… Diskusje…? Dialooch…? aha: Draachflak!


In brede maatskiplike diskusje, public debate neamd yn ynternasjonaal ûndersyk en teoryfoarming, giet oer it fûnemintele rjocht fan alle boargers op politike partisipaasje.1 Nederlân fierde lykwols syn iennichtste brede maatskiplike diskusje yn ’e begjinjierren tachtich, oer kearnenerzjy, en fersmiet de útkomt, want de measte minsken woene gjin kearnenerzjy. It tastean fan in maatskiplike diskusje oan de miljeubeweging wie dien sadat de befolking, diskusjearjendewei, mar moai wenne koe oan it beslút fan it regear (dat der gjin kearnenerzjy kaam wie te ‘tankjen’ oan Tsjernobyl). Oftewol: “Op die manier ontstaat er een brede maatschappelijke discussie (en gaat het probleem vanzelf weg).”2 Dus in orgaan dat spesjaal stifte om ús opnij in brede maatskiplike diskusje te bringen, dêr wolle jo mear fan witte, hielendal as dy diskusje gean moat oer it nut fan de Fryske taal.

Dat orgaan soe wêze de Brede Maatskiplike Diskusje Frysk. Mar der is gjin webside ‘Brede Maatskiplike Diskusje Frysk’. Soene se, want dat komt faker foar, by fersin ‘maatskiplike diskusje’ en ‘Sokratyske dialooch’ trochinoar helle hawwe? Lykwols is der is ek gjin webside ‘Brede Maatskiplike Dialooch Frysk’. Wa’t googlet nei ‘brede maatskiplike dialooch frysk’ komt by in Facebookmuorre sûnder ynformaasje. Dêrom mar wer werom nei it kaaiwurd ‘diskusje’, mar ynternetsykjen nei ‘brede maatskiplike diskusje frysk’ jout ek gjin homepage. It jout wol in kollum fan Willem Schoorstra. Dy giet oer “Frâns Kuipers, de foarsitter fan in rebelleklup mei de namme Stifting BMD”, wat stiet foar Brede Maatskiplike Diskusje oer it belang fan it Frysk yn Fryslân, in “sa goed as ûnsichtbere” organisaasje, net “breder as fiif man.”

Eureka: sykjen nei ‘www.bmd frysk’ smyt de like ûnsichtbere webside op! Dy befêstiget dat de kar tusken maatskiplik en Sokratysk net makke wurd koe, want de side hjit ‘Brede Maatskiplike Diskusje/Dialooch Frysk’. Fierder stiet der net in soad op. Oan ûnderwiiswittenskipper Geert Driessen is ris in poadiumke jûn en de Brede Maatskiplike klup hat twaris in gearkomste foar de Steateleden organisearre, troch de provinsje in stik minder plechtich “Petearjûn” neamd.3 De klup mist de wiere wapenfeiten. Om dat te maskearjen hat de webside foar syn banner twa heroyske, Kneppelfreed yn ’t sin bringende foto’s konfiskearre, fan aksjes fan… diskusje…? dialooch…? Aha: fan de fakkeltocht foar Frysk ûnderwiis fan boargeraksjegroep Sis Tsiis.

Wol stiet op de Brede Dit en Datside in skriuwen oer it wêrom en hoe fan de brede maatskiplike diskusje dy’t hja ferkundigje nei te stribjen. Dat is alwer in âld stik, fan jannewaris 2016 of, mar in datum mist, fan ein novimber 2015. De kontroversjele kearn fan it Fryskbelied, de iennnichste konkrete saak dêr’t it nut fan de bedrige taal in foar it fuortbestean fan it Frysk it beskiedende issue is en bliuwt, is it ûntheffingsbelied fan de provinsje, sadat skoallen frijstelling fan it jaan fan it ferplichte fak Frysk krije kinne; dat belied rûn doe in healjier. Yn it stik komt it kaaiwurd ‘ûntheffing’ net foar. Mar ûnder oaren stiet der: “De organisaasje hat en hâldt de stiftingsfoarm. De Provinsje Fryslân soarget foar in startbudzjet. Mei dat startbedrach (tink hjirby oan in totaalbedrach fan teminsten € 125.000) … sette [wy] yn op in diskusje yn oktober, novimber, jannewaris en febrewaris fan de winter fan ’18/19.”4

Under de kontaktgegevens op de side stiet: “Frâns Kuipers 0620534408 Willem Verf 0646134700”, net wat foar funksje hja hawwe yn (of bûten) de stifting. De Keamer fan Keaphannel ken mar ien stifting BMD, en dat is de stichting Beheer Derdengelden BMD yn De Haach. Is de rebelleklup dus gjin formele stichting? Helpt faaks it sykjen nei in rjochtspersoan efter de flutterige symboalpolityk fan—Kuipers—stipe foar it Kataloanysk separatisme? Of efter it noch flutteriger patriottysk skoalsjongen? It is in riedsel.

Mar by de nije krante giet it ljocht op: it stiftingskanteljen fan Pieter de Groot. De man dy’t him yn ’e Sis Tsiisgearkomste hielendal net tsjin it oprjochtsjen fan stifting útspruts, mar fuort dernei yn syn LC-kollum warskôge dat in stifting ûnk brocht, dat “Sis Tsiis sels trochgean [moat] op it mei súkses ynsleine paad. Sa gau’t in aksjegroep de stiftingsfoarm oannimt, wurdt it in (safolste) ynstitút en is it mei it aksjefieren dien”,5 dy man moast der mear fan witte. En ja hear. Googleje nei ‘pieter de groot brede maatskiplike diskusje’ jout sûnder mankearjen alle ynformaasje. Stifting Fierder mei Frysk, KvK 55543979, neffens de klup yn Ljouwert mar neffens de Keamer fan Keaphannel yn De Kamp 14, 9231BR Surhústerfean, elkenien fersint him wolris, (bestjoers)leden Frâns Kuipers, Willem Verf en Pieter de Groot.

Aksjefieren is djoer. Sis Tsiis is no krekt út de reade sifers, hoewol’t de artysten yn desimber 2016 fergees oan de fakkeltocht foar goed Frysk ûnderwiis meidien hawwe, sadat it bedrach by de € 1500 stykjen bleau. In stikmannich Fryske organisaasjes hawwe de fakkeltocht o sa stipe—mar net de BMD dy’t nei eigen sizzen goed in ton fan de provinsje krigen hat.

Dus hoe sit it mei dat jild? Yn alle gefallen stiet der gjin Brede Maatskiplike en ek gjin Fierder Frysk yn ’e jierstikken 2016 fan de provinsje. Dus óf hja hawwe gjin jild krigen, óf hja binne in projekt fan in oar orgaan en krije fan dat orgaan jild. Fansels is it ek mooglik dat by ûngelok net opskreaun is ‘de provinsje hat soarge foar jild’, mar it der al wie yn 2015. En dat der yn 2016 net opnij wat kaam.

Los dêrfan, hoe sit it mei de besteging fan it jild? Kinne se net mei jild fan de provinsje eat stypje dat tsjin provinsjebelied rjochte is? Mar besparje jo it treurige sykjen tusken alle defêtistyske of sels gewoan yrrasjonele alles-foar-de-leave-frede-makket-net-út-wat-de-offers-binne-en-boppedat-gean-alle-lytse-talen-lang-om-let-dea-riddenearringen; der stiet neat oer mooglike grinzen fan Frysksinnich solidariteitsbelied op de webside.

Der stiet ek neat oer eventuele grinzen fan de plande of winske maatskiplike diskusje. Soe dan de ûnkontrolearbere massa samar alles ynbringe meie, sûnder de histoarysk autoritêre bewegerslieding nei de puriteinske wearden fan ûnderdienigens en nederigens?

O heden nee hear. Ein dit jier is it ûntheffingsbelied sa’t dat oan no ta opskreaun is útfierd: alle ûnheffingsoanfragen fan skoalbestjoeren binne binnen en ferwurke. Op basis fan de jûne ûntheffingen skriuwe Deputearre Steaten yn 2018 oanfoljend belied en dat sil ein 2018 klear wêze. En krekt as dat dan omtrint safier is, as it belied sawat yngiet—want tink derom, foar it útwreidzjen fan ’e beliedsregel is gjin kontrôle fan de folksfertsjintwurdiging nedich—dan lansearret de Brede Maatskiplike Diskusje syn diskusje.

Ergo: de bedoeling fan dy BMD-diskusje kin ûnmooglik dat wêze dêr’t in brede maatskiplike diskusje foar bedoeld is, nammentlik dat de befolking it takomstich beslút fan syn bestjoerder ynformearret. Want dêrfoar komt de diskusje te let. Watfoar eufemisme de rebelleklup er ek op plakt, it iennichste doel dat it inisjatyf fan Frâns Kuipers, Willem Verf en Pieter de Groot oer in goed jier hawwe kin is om de ûntheffingen noch fierder troch de strôt fan de Fryske befolking te stampen as dat dy no al binne.

Fansels ha jo dan moai de hannen frij as Sis Tsiis “súksesfol” oan it aksjefieren is op Warns, dêr’t tweintich protestroppers in romme skatting is. De hannen frij dus om draachflak te kweekjen, foar steand belied, lykas yn de jierren tachtich. Krekt as kinne wetten ûntstean sûnder draachflak derfoar yn beide keamers fan ús demokratyske folksfertsjintwurdiging. De ûnderwiiswetten mei ferplicht ûnderwiis yn it Frysk bewize al dat der draachflak is, en wol foar goed ûnderwiis yn it Frysk foar alle bern yn Fryslân.

Noaten
1 Global Alliance of National Human Rights Institutions (GANHRI), Protecting and enlarging the space for public debates and participation of all civil society actors for the implementation of the SDGs and human rights <GANRHI background paper, 12 july 2016 <https://nhri.ohchr.org/EN/News/Documents/GANHRI-BackgroundPaper%20-HLPF16-ShrinkingSpace_publ.com.pdf > [krigen 15 oktober 2017].
2 Vrij Nederland, 6 april 1991.
3 Provinsje Fryslân, Ingekomen stukken week 51, 2016 <https://www.fryslan.frl/document.php?m=16&fileid=18118&f=61614cf58aca84a8bfb668b3a3a49266&attachment=1&c=6304 > [krigen 15 oktober 2017].
4 ‘BMD-Frysk: Stifting foar in brede maatskiplike diskusje oer de takomst fan it Frysk’, Brede Maatskiplike Diskusje/Dialooch Frysk, s.d., 11 <http://bmd-frysk.nl/wp-content/uploads/2017/01/28-11-Basisstik-BMD-jan-16-Fryske-tekst.pdf > [krigen 7 oktober 2017].
5 Pieter de Groot, ‘Sis Tsiis, wês wiis’, Dwers, Leeuwarder Courant, 13 oktober 2017, 8.

 

Underwiisbelied Frysk:                     doocht fan gjin kanten


Frysk is in ferplicht fak. Dochs hat al santich persint fan de basisskoallen in ûntheffing krigen om Frysk te jaan. Dat is yn striid mei de minskerjochten, oardielet boargeraksjegroep Sis Tsiis. Yn maaie tsjinnen hja in beswierskrift tsjin it ûntheffingsbelied yn by de provinsje. Tongersdei is de harksitting: gjin echte rjochtssaak, gjin fjochtsjende adfokaten, gjin kloften demonstranten, mar der stiet wiswol wat op it spul. De iennichste manier nammentlik om wanbesluten fan tafel te krijen is der solide fundearre beswier tsjin te meitsjen. Sis Tsiis ûnderstreket dan ek dat goed ûnderwiis yn de memmetaal in fêst ferankere rjocht fan ús allegearre is. Dêr kin net oer ús hollen hinne oer marsjandearre wurde troch de regeljouwers.

Nederlân hat in hiele rige fan minskerjochte-oerienkomsten ratifisearre. In part fan de minskerjochten is oernommen yn de grûnwet. It Frysk is erkend as twadde rykstaal yn Fryslân. Mar as it giet om in konkrete saak, de beliedsregel dy’t it Frysk sawat út it ûnderwiis fuort skrast, dan jout de Nederlânske wet de boarger amper hantfetten om it fûnemintele rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal op te easkjen.

De ryksoerheid advisearret om it bestjoer oan te sprekken dat it ûnrjochtmjittige beslút nommen hat, dus de provinsje. Mar, sa ferdigenje Deputearre Steaten har, yn de nasjonale ûnderwiiswetten stiet dat de provinsje Fryslân in beliedsregel meitsje moat foar ûntheffingen fan it jaan fan it ferplichte fak Frysk. As Sis Tsiis beswier meitsje wol tsjin de ûntheffingen, dan moat dat yn De Haach. Boppedat lit it bestjoersrjocht hielendal net ta dat in boarger beswier makket tsjin in beliedsregel. Dus Sis Tsiis kin de provinsje net as bestjoer oansprekke, klear. Yn de harksitting giet it dêrom net oer de ynhâldlike arguminten dy’t Sis Tsiis hat, op it foarste plak de minskerjochten. It giet deroer oft der eins wol nei Sis Tsiis harke wurde moat.

Yn syn iepenbier makke pleitnota hâldt Sis Tsiis lykwols út dat belied, dellein yn in beliedsregel of oars, altyd hifke wurde kin. Al is in beliedsregel neffens de wet te sjen as mar in rjochtline om de oanfragen fan fergunningen gelikens te behanneljen, Deputearre Steaten kinne har der net efter ferskûlje dat hja har by it jaan fan de ûntheffingen foar it fak Frysk sekuer oan de burokratyske proseduere hâlde. Want belied moat altyd rjochtmjittich en rjochtfeardich wêze. Rjochtmjittich is dat it resultaat binnen de wet bliuwt. Dat is wat Sis Tsiis foar in part oanfjochtet yn syn beswierskrift, dat op de harksitting net op it aljemint komme mei. Mar ek moat belied altyd rjochtfeardich wêze. Rjochtfeardigens giet oer hoe’t syn beslach krige wat wy no rjochtmjittich neame, dus de wetten.

Dat is alderminst rjochtfeardich gien, seit Sis Tsiis. Redistribúsjerjocht, dus ekstra kânsen foar it Fryskeigen, gewoanlik fan tapassing by minderhedebelied, dêr is nea oer praat. Under druk fan de Ried fan Europa, mei syn hânfêst en ramtferdrach, kaam it Frysk op ’e aginda. Mar nei de earste bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer, dêr’t ryk en provinsje har mienskiplike ferantwurdlikheid en “soarchplicht” foar de Fryske taal yn bekrêftigen, soe it noch 25 jier duorje foar’t Fryslân it meifoech oer it ûnderwiis yn it Frysk krige. Al dy tiid mankearre it yn it ûnderwiisbelied oan fisy en each foar de minsklike faktor. Oangeande it Frysk hawwe de beliedsmakkers al te kwetsber west foar de ideologyen fan desintralisearjen en de tucht fan de merk en foar lobby fan platte beropsbelangen.

Sa kaam it ‘draachflak’ yn de ûnderwiiswet. Want de as gefolch fan desintralisaasje en liberalisearring hieltyd mear autonome skoalbestjoeren soene ferlet ha fan “yntrinsike motivaasje” om it jaan fan Frysk te ferbetterjen. De draachflakklausule hâldt yn dat Provinsjale Steaten kearndoelen foar it Frysk fêststelle meie, dus wat de ynspanningsferplichting fan de skoallen op it mêd fan it fak Frysk wêze moat. Mar de betingst is dat der yn it primêr en it fuortset ûnderwiis genôch ‘draachflak’ is foar wat de skoallen oan it Frysk dwaan moatte. As wie it net genôch dat it fetorjocht no by de skoallen lei, in súksesfolle lobby fan in belangeklup fan skoalbestjoeren soarge derfoar dat ek it fiat by de skoallen kaam. In oanpassing fan it ûntwerpwetsútstel makke dat de kearndoelen net earder fêststeld wurde meie as dat Deputearre Steaten oerlein hawwe mei it ûnderwiisfjild. De kearndoelen sels koe dat fjild net fuort krije, mar…

Sa kaam ek it kearndoel fan freonlik foar it Frysk oer stean yn ’e wet. Skriuwen, lêzen en praten wiene yn 1998 noch de kearndoelen foar it Frysk, gelikens oan dy foar it Nederlânsk. Mar al yn 2005 waarden de kearndoelen in flink stik leger yn it fuortset ûnderwiis. Socht waard nei “realistyske” kearndoelen én in manier om it ûnderwiis yn it Frysk te ferbetterjen. Ynterne stridigens fan twa doelen makket belied ûndoelmjittich, en dat mei net. Mar slimmer wie de yntroduksje fan it ûnderskied tusken skoalbern dy’t Frysk as memmetaal prate en dy’t dat net dogge, mei legere easken oan it ûnderwiis Frysk foar de lêste groep. Dat is in grouwélige skeining fan ús demokratysk prinsipe fan gelikense kânsen, dêr’t ûngelikens behanneljen fan ûngelikense gefallen betsjut: mear stipe foar efterbliuwers. Mar no koe it ûnderwiis ôfstimd wurde op ’e “lokale stituaasje.”

Sa kamen de ûntheffingen yn ’e wet. Op grûn fan it plak dêr’t de skoalle of skoalmienskip fêstige is, om krekt te wêzen wat it skatte brûken fan de Fryske taal dêr is, en fan wat it skoalbestjoer tinkt oan it Frysk dwaan te kinnen, freget de skoalle in lytsere of gruttere ûntheffing oan fan it jaan fan it fak Frysk. Alle skoalbestjoeren moatte oanfreegje, foar ein dit jier, want út de ûntheffinge-ynventarisaasje wei wol de provinsje syn ûnderwiisbelied foar it Frysk skriuwe. Mar hoewol’t fierder belied ûntbrekt binne al massaal ûntheffingen jûn. Tweintich persint fan de skoallen hat allinne in ûntheffing foar skriuwen. Mar skoalbestjoeren dy’t tebekskrille foar it lesjaan yn lêzen, skriuwen en praten yn it Frysk en dy’t sels harkjen nei it Frysk nuodlik achtsje, kieze foar ûntheffing fan alles útsein it kearndoel fan it net-leechlizzen fan de Fryske taal. Sân persint fan de skoallen hat dy dielûntheffing takend krigen.

As in kearndoel ûnder de doelstelling fan it ûnderwiisbelied út glûpe kin, riddenearret Sis Tsiis, en effektmjitting—fan net-leechlizzen—ûnmooglik is, dan doocht it belied net. Bern komme op skoalle om wat te learen en jo moatte dat ek sjen kinne. Dus de ûntheffingen moatte wer gau út it belied. Net allinne binne de effekten nea bedoeld troch de wet, mar de beliedsregel foar ûntheffingen is neffens Sis Tsiis ek yn striid mei de wet, it belied en de begjinsels fan behoarlik bestjoer.

Want al wol de wet draachflak, de wet hat nea de funksje fan ’e ûntheffingen op it each hân dy’t dy no hawwe, dat “scholen gemakkelijker aan de kerndoelen Fries kunnen voldoen.” Ekgie it wetsûntwerp út fan de taalbehearsking fan it skoalbern, mar de beliedsregel docht dat eksplisyt net: “Het is voor het invullen van het formulier niet nodig dat de scholen een aanvullend onderzoek doen naar de taalachtergrond van de kinderen.”

Wat it net striken mei it oare belied oangiet, de ûntheffingen binne fjouwer jier jildich. Op dit stuit is der gjin maatregel yn it ûntheffingsbeslút opnommen dy’t makket dat ûntheffingen tydlik binne of dat skoallen yn de takomst mear oan it Frysk dwaan sille. Mar as der in fuortsterkingsplan, ‘groeimodel’ neamd, skreaun wurdt, sil dat, neffens de beliedsregel, net jilde foar alle skoallen. It sil inkeld jilde foar skoallen yn Fryskrike regio’s. Dat is yn striid mei it belied om alle bern in trochrinnende learline Frysk te bieden, sa’t yn de provinsjale beliedsstikken stiet. Boppedat makket it belied ûnderskied tusken learlingen op arbitrêre grûnen, want bern wenje net op skoalle mar fytse der út alle hoeken wei nei ta.

Behoarlik bestjoer is dat jo sekuer alle belangen weage en besjogge oft oar belied faaks bettere effekten hawwe kin. It redusearjen fan de kearndoelen yn 2005 hat leard dat soks net liedt ta nivoferheging, noch minder as it oan ’e skoallen oerlitten wurdt, sûnder twang of beleaning. Opsjonaliteit fan it Frysk kin al hielendal net. Kearndoelen op winsk fan skoalbestjoeren muozje it ûnderwiisdoel wei. Yn 2016 ûnderstreke it hânfêstkomitee dêrom dat der Frysk op skoalle wêze moat “in order to improve the level of literacy in the language.” Soks sprekt net mear fansels. En dêrom freget Sis Tsiis de beswierskriftekommisje: lûk asjeblyft dy beliedsregel yn en litte wy wat betters betinke.

 

Open letter to the Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD)


Friduwih Riemersma <friduwih@gmail.com>
11 Sep
to
eva.soms.bach@npld.eu

Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD)
http://www.npld.eu/

Subject: Open letter to the Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD)

Dear Eva Soms i Bach,

I am a West-Frisian woman, and a native speaker of the Frisian language. I am writing you with the great concerns that many of my fellow-Frisians and I have regarding the institutional and political reluctance to oblige Frisian schools to offer substantial education in the Frisian mother-tongue, and consequently the violation of human rights — mother-tongue education is a children’s right.

Our national law does provide the requirement on schools within the province of Friesland (a few of them excluded for historical reasons), that their teaching of the Frisian language must comply with attainment targets, e.g. reading and writing in Frisian. But from 2014, the provincal governemt possesses the delegated authority regarding education in the Frisian language. The provincial government implemented a policy that enables school boards (Dutch schools are mostly private institutions) to apply for exemption from the obligation to offer education in the Frisian language. This dispensation policy is in force for two years now, and the provincial government already granted the requests for a type of partial exemption of over 50 percent of the Frisian primary schools. Many Frisian students only have 15 minutes a week of watching a Frisian spoken video; they will not learn how to express themselves well in the Frisian language, not even verbally.

Even more troubling is the fact that the provincial government explains their dispensation policy as a tool for Frisian education stimulation, as if, to end big you should start below zero? Downright alarming is the provincial government’s defense that their policy incorporates an enhancement plan, so schools could only once apply for an exemption that is valid for four years. In reality there is no such plan. And there is nothing at all that urges a school board to re-introduce education in the Frisian language at any point in the future.

Your Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD)’s new chair, the regional minister of the Province of Fryslân, ms. Sietske Poepjes, who is responsible for education in the Frisian language, has been turning deaf ears to the public protests. Next to this, she is immune for studies that very clearly show a diminishing Frisian language proficiency among youth. Also, although there are numerous alternative minority language education policies, which proved themselves effective, ms. Poepjes is not willing to consider them.

Therefore, I appeal to you to advise ms. Poepjes to listen to us, her concerned residents.

If you have any further questions, please do not hesitate to contact me.

Sincerely,
Friduwih Riemersma
– – – – – – – – – – – – – – – – –

Eva Soms Bach <eva.soms.bach@npld.eu>
Sep 12
to me

Dear Ms. Riemersma,

We appreciate your message and your concern for the promotion of the Frisian language.

As member of the NPLD’s Secretariat, I inform you that the Network has been working for more than ten years to exchange best practices on the use and promotion of minority languages and language planning among its members. As you may know, our members include no less than three organizations to promote the Frisian language, with renowned organizations such as Fryske Akademy, EBLT and the government of the Province of Friesland itself.

Since our headquarters is based in Brussels, we are also proud to be one of the leading minority language networks to closely work with European institutions to strengthen the recognition and use of minority and minorized languages in our territories. Our actions aim to increase the potential of use of all the languages that our members represent in all social aspects, from education to economy and from immigration to new technologies, so that all our members are aware of the possibilities to increase the use of their respective languages.

The NPLD’s Secretariat welcomes all the voices that are aiming to contribute to our same goals. Therefore, we appreciate your attention on the situation of the Frisian language and I can assure you that NPLD is planning to continue working for a better future for our languages in Europe.

With best regards,

Eva Soms Bach
– – – – – – – – – – – – – – – – –

Friduwih Riemersma <friduwih@gmail.com>
Sep 18
to Eva

Dear Eva Soms i Bach,

Thank you for your quick and reassuring reply.
It is hard not to feel deflated when even your own Frisian government has stopped listening to the distress about the rapid loss of our language.
But we highly value the NPLD’s efforts to protect language diversity and we rely upon you to change things for the better.

Yours sincerely,
Friduwih Riemersma
– – – – – – – – – – – – – – – – –

 

Poepjes, poëzij en profytlûke


▪ erkende dichter foar de Dichter fan Fryslânfunksje: nee!
▪ Gysbert Japicxpriis as eare foar poëtyske kwaliteit: nee!
▪ stypjen fan dichtkeunst op ’e kulturele haadstêd: nee!

[“M]ar wy moatte de wierheid kenne, dat wy gjin poëzij talitte kinne yn ús stêd útsein hymnen oan ’e goaden en earbetoanen oan goede lju. Want as jo tastimming ferliene oan de huningswiete muze yn lyryk of epyk sille wille en pine de masters fan ús stêd wêze ynstee fan ’e wet en fan wat himsels út en troch bewiisd hawwe sil troch de algemiene rede as it bêste.”
“Hielendal wier,” sei er.
“Lit ús dan ús weromkomst nei it ûnderwerp fan de poëzij en uze apology beslute en befêstigje dat wy wier goede grûnen hiene om har út ús stêd fuort te stjoeren, om’t dat lei oan har aard. Want sûn ferstân hold ús tsjin. En lit ús fierder tsjin har sizze, dat hja ús net feroardielet foar hurdhertigens en boerskheid, dy’t der binne út in âld skeel tusken poëzy en filosofy wei. Want sokke uteringen as ‘de jankende hûn byljend nei syn baaske en machtich yn it lege haffeljen fan healwizen’, en ‘de folkskloft dy’t de baas is fan dejingen dy’t te wiis binne foar har eigen bêstens’, en de fernimstige tinkers dy’t redenearje dat hja úteinlik earm binne en ûntelbere oare uteringen dy’t tekens binne fan dy âlde fijannigens. Mar lit it likegoed betsjûge wurde, dat as de neimeitsjende en swiete poëzij watfoar reden ek sjen litte kin foar syn bestean yn in goed-bestjoerde steat, wy him graach talitte soene, om’t wysels ús hiel bewust binne fan syn bestjoening. Mar likegoed soe it ek net-froed wêze om te ferrieden wat wy tinke dat de wierheid is. Is dat net sa, freon? Fiele jo net sels syn tsjoenderij en benammen as Homearus syn tolk is?”
“Tige.”
“Kin hja dan net rjochtik weromkomme fan dit ferbaljen, nei’t hja har ferdigening plachte hat, oft dat no yn lyryk is of in oare mjitte?”
“Wis en wrachtich.”
“En soene wy har foarstanners dy’t gjin dichters binne mar leafhawwers fan poëzij tastean om har saak te bepleitsjen yn proaza sûnder metrum, en sjen litten dat hja net allinne hearlik is mar ek geunstich foar oarderlik regearjen en hiel it libben fan de minske. En wy sille goedwillich harkje, want it sil ús dúdlik profyt jaan as it sjen litten wurde kin dat hja net inkeld wille opsmyt mar foardiel.”
“Hoe soene wy helpe kinne om de profytlûkers te wêzen?” sei er.
“Mar sa it net sa is, myn freon, gelikens as manlju dy’t fereale rekke binne en wannear’t hja tinke dat de leafde net goed foar har is harsels, hoe dreech as it ek is, wjerhâlde, sa soene wy, wat wy te tankjen hawwe oan de leafde foar dat soarte poëzij dy’t yn ús kweke is troch ús opfieding yn dy fraaie steatsfoarmen fan ús, graach it bêste mooglike pleit meitsje foar har goedheid en wierheid, mar salang’t sy net by steat is om har goed te ferdigenjen werhelje wy ús formule foar ússels wylst wy harkje nei de redenen dy’t wy jûn hawwe as in tsjinformule tsjin har betsjoening, om ús te hoedzjen foar it weromglydzjen yn de lytsbernige leafde foar de massa’s; want wy binne safier kommen dat wy ynseagen dat wy poëzij net nimme moatte foar in serieus ding dat de wierheid yn besit hat, mar dat wa’t der nei harkje wol op syn iepenst wêze moat.”

[Plato, De steat, 607-608]

Rely: replyk op ’e krityk

Alle literêre prizen hawwe in ynfalshoeke. De ynfalshoeke fan de Rely Jorritsmapriis is dat der eare en benammen jild giet nei begjinnende amateurs; de priis is der net foar al goed ferkeapjende romanciers, noch foar profesjonele copywriters. Under de literêre prizen binne priveeprizen en publike prizen. De Rely wurdt betelle út priveejild en it fûns wurdt beheard troch in bestjoer op ôfstân fan ’e gemeente. De prizetakenning wurdt organisearre troch de gemeente sels, mar wol neffens de bedoeling fan de priis sa’t de filantroop dy mei it ynstellen fan it fûns fêstlein hat. De Rely is koartsein net in publike priis.

It is net altyd sa dat publike prizen ek mear publike krityk oanlûke. Wol is it sa dat krityk op in publike priis minder sinleas is, yn teory, om’t in publike foarsjenning ûnder publike kontrôle stiet, idealiter, dus jo en ik meie, of moatte, der op tasjen dat de organisaasje fan de priisútrikking kreas ferrint. Yn alle gefallen hat it gjin doel om in private organisaasje te kritisearjen op hoe’t hja dingen organisearje, want dat is har eigen saak. Dat is wat ik juster sein haw: in civil society organization, dus in net-merk en net-steatsorganisaasje (bûten de famylje of it húshâlden) dêr’t minsken harsels organisearje om mienskiplike belangen yn it publike domein nei te stribjen, is net demokratysk. As it Rely-bestjoer beslút om syn karbrief te feroarjen, wat it krekt dien hat, ûntlûkt dat him dat oan demokratyske kontrôle. As de feroaring fan it karbrief it mooglik makket dat de “onafhankelijke jury … voortaan ingesteld volgens de huidige praktijk, op voordracht van Tresoar” himsels in priis oanbefellet,1 soit. Dat heart by it spul.

Nei in pear oeren kaam der krityk op myn stânpunt, op Facebook:

Wat stiet der in nuvere sin oan de ein fan dyn stik…: “Yn de civil society is it net tefoaren te kommen en ek net abnormaal dat de sjuery fan de Rely himsels in priis oanbefellet.” De sjuery fan de Rely Jorritsmapriis beoardielet anonime ynstjoerings. Elk stiet it frij om yn te stjoeren (útsein de sjueryleden), ek redakteuren fan it tydskrift dat tafallich de winnende bydragen publisearret.

Hielendal wier. Myn útspraak die it lykjen as lei it oan de—anonime—sjuery, wylst it probleem fansels leit by organisaasjes dy’t har eigen regels stelle en har by krityk net publyklik ferantwurdzje, want wêrom soene hja, dat hoecht in privee-organisaasje ommers net, mar har op ’e eigen priveeregels beroppe. Dat ik andere:

Ja, dat is yndie it probleem, tank foar de ferdúdliking: de civil society-organisaasjes stelle har eigen regels, lykas anonimiteit fan de Relysjuery, wat yn de iepenbiere romte dus mei demokratyske kontrôle op dy regels hielendal net kinne soe, en ferskûlje har dêrnei efter dyselde húsregels.

Al gau kaam der in oanfolling op ’e krityk:

Nee, ‘anonym’ yn myn reaksje gie oer anonimisearre ynstjoerings by de priisfraach. Do wolst oan de ein fan dyn stik noch even suggerearje dat de Rely-sjuery ‘himsels’ prizen jout. Dat fyn ik in kwealike suggestje, dy’tst net wier meitsje kinst.

Wêrom oft ik dat net wier meitsje kin stiet der spitigernôch net by. Ik tink dat it sa dreech net is, benammen om’t de bewiislêst net by my leit mar by de sjuery. Dat in sjuery in garânsje fan ûnpartidigens sjen litte kinne moat, komt fuort út de aard fan syn wurk; kin dy dat net dan is der wat mis. Boppedat bewize tadrachten harsels. Dat in lid en âldlid fan de Ensafhredaksje yn de sjuery sitte en twa fan de tsien prizen oan Ensafhredaksjeleden takend binne is op himsels net apart—sa’t ik al sei, as jo priisútrikkingen har beslach krije litte yn ’e civil society is neat abnormaal. Dat dy twa winnende redaksjeleden beide frij swakke skriuwers binne (myn Facebookkritikus hie al seis kear ynstjoerd nei de Rely foar’t er ris wat wûn) is ek net apart; it is in begjinnerspriis mei in tafalsfaktor, dy’t mooglik makket te winnen as der in kear gjin sterke skriuwers meidogge. Mar dat de redaksjeleden en harren fermidden inoar lokwinsken mei de priis, fier foar’t de útslach bekend is, dat is opmerklik, of oars sein, it wiist sterk yn de rjochting fan beynfloeding en foarkennis.

‘Sterk wize op’ is gjin ‘bewiis’, dat is sa, mar ek fan belang foar myn stânpunt is dat de kritikus ien fan de twa winnende redaksjeleden is:

Lokwinske mei dyn priis!

It hoe fan it oardieljen fan de sjuery is altyd in ding by literêre prizen. It doel fan de organisaasje dy’t de Rely útrikt is it befoarderjen fan de Fryske Letterkunde—letterkunde is de stúdzje fan de literatuer oftewol fan de teksten dy’t yn in taal skreaun binne—en alles wat dermei gearhinget yn de romste sin fan it wurd. De organisaasje wol syn doel berikke troch prizejild te jaan nei oanlieding fan in priisfraach.2 By it ynstellen fan it fûns is fêstlein dat “alleen de kwaliteit van het ingezondene, gekeurd op zijn letterkundige waarde” liede mei ta takenning fan de priis.3 Dat is nommel mar dizich; wat is bygelyks ‘letterkundige wearde’? En hoe sa is jild it middel ta it doel? It iennichste dat keunst fuortsterket is krityske dialooch en artistyk oparbeidzjen. Guon keunstprizen binne der tsjintwurdich op rjochte om de tradisjonele top-down kompetysje fan har sintrale plak ôf te jeien, om keunst libben te hâlden yn it neoliberalisme, just troch jild en oare middelen te jaan oan artist collaborations en net langer oan yndividuele ikoanen.

In sjuery kin wol ûnôfhinklik wêze, al binne de praktyske mooglikheden dêrta yn Fryslân sa beheind dat it steksjoggerige Tresoar net de foardrager wêze kin, mar in sjuery is altyd subjektyf. In sjuery lit him altyd liede troch smaak. Dêrneist litte minsken har altyd, bewust mar hiel faak ûnbewust, liede troch sekundêr betinken. De sjuery ken fansels alle ynstoerders oan ’e styl fan skriuwen en sosjale en relasjonele faktoaren binne nea út te skeakeljen; minsken binne keppelbisten en as sadanich net ûnpartidich mar pro eigen keppel en reagearren wy net mei natuerlike intergroup bias op sintúchlike ynfier, dan foel de wrâld yn ’t wetter. Dat alles byinoar is wêrom’t sjuerys fariearre en grut wêze moatte, op syn minst tolve minsken en út alle literêre niches, en wêrom’t de sjuery better wol witte kin wa’t de ynstjoerder is sadat dy antysipearje kin op sosjaal gerûs, just yn it belang fan syn objektiviteit of op syn minst fan syn transparantens.

Mar dizze sjuery wie anonym. Wêrom yn fredesnamme wie de sjuery anonym? In oar Facebookkommentaar op Relykrityk gie:

Ik bin fan tinken dat it wol faak deselde skriuwers binne dy’t de Rely-priis winne. Fansels wurdt der “anonym” ynstjoerd.

Anonym komt út it âld-Gryksk en betsjut ‘sûnder namme’. De boeremûle brûkt dêrom ‘anonym’ foar omstannichheden dêr’t se net fan witte hokker persoan oft it dien hat, i.e. hannele hat. Yn juridyske sin, sa is geregeld nei foaren brocht, is ‘sûnder namme’ technysk sjoen wol anonimiteit, mar ‘sûnder namme’ is net genôch foar wêr’t it by formele konteksten fan anonimiteit om giet. De essinsje fan anonimiteit is nammentlik dat de hanneljende persoan net oanwiisber (of identifiseerber) is, net te berikken, net op te spoaren.

Twa jier lyn hat reclusive author Elena Ferrante wegere in literatuerpriis op te heljen om’t hja anonym bliuwe wol. Soks kin yn Itaalje; it giet dêr om keunst en net om dejinge dy’t it jild krijt. Mar it net opheljen fan in Fryske literatuerpriis is yn striid mei it bewegersdoel fan Fryske kultuerpromoasje en mei it oerheidsdoel fan taalbefoardering. Mei oare wurden, it bestjoer fan de Rely stribbet hielendal gjin anonimiteit fan dichters en skriuwers nei, mar wol harren just fol yn it fuotljocht ha, om reden fan de winske Fryslân exposure en it ôfkrusen fan de jierlikse taalstimulearringsynspanning.

De betingst fan anonimiteit fan de ynstjoerder dy’t it Relybestjoer, en Tresoar (en de Ensafhredaksje!) stelt, moat wierskynlik útslute wat ûnmooglik út te sluten is: dat de sjueryleden har net liede lit troch de bân mei in ynstjoerder dy’t se kenne. Dat is in skynbetingst. Yn in aktyf literêr fjild fan om de fyftich man hinne op in lyts grûngebiet ken elkenien de oar persoanlik. In ynstjoerderbline attitude, oftewol in profesjonele fokus op de tekst, wurdt boppedat behindere om’t it Fryske literêre fjild slim deprofesjonalisearre is no’t al mear as tsien jier gjin wittenskiplike literatuerstúdzje mear dien is en in artistike dialooch folslein ûntbrekt. Alle kearen wer is it Relysjueryrapport eat dêr’t ús mem my foar skillet—se brûkt de tillefoan noch altyd inkeld foar needgefallen—om’t it neffens har net earlik is dat inkeld op ’e ynhâld fan de ynstjoeringen yngien wurdt en dêrnei de gatten stoppe wurde mei min pleatste boekbesprekklisjees as ‘flotfloeiend proaza’, ‘izeren greep’ en ‘hat it allegearre’.

It is ek net earlik, sis ik dan. It soe better wêze om de sjuery ôf te skaffen, alle ynstjoerders mei-inoar it prizejild te jaan en har te freegjen om sels mei syn allen in moai sjueryrapport te skriuwen. Smyt dat gjin keunst op dan yn alle gefallen smaaklike Facebookreaksjes.

Noaten
1 Gemeente Littenseradiel, ‘De toekomst van de Rely Jorritsmaprijzen’, Littenseradiel, g.d. <http://www.littenseradiel.nl/internet/loket-kunst-en-cultuur_281/item/de-toekomst-van-de-rely-jorritsmaprijzen_51217.html > [krigen 4 augustus 2017].
2 Karbrief Rely Jorritsmafûns, kêsten 1 en 2, 3 septimber 2014 <http://www.littenseradiel.nl/internet/loket-kunst-en-cultuur_281/item/de-toekomst-van-de-rely-jorritsmaprijzen_51217.html > [krigen 4 augustus 2017].
3 Gemeente Littenseradiel, ‘De toekomst van de Rely Jorritsmaprijzen’, Littenseradiel, g.d. <http://www.littenseradiel.nl/internet/loket-kunst-en-cultuur_281/item/de-toekomst-van-de-rely-jorritsmaprijzen_51217.html > [krigen 4 augustus 2017].

 

Civil society: jo oerheid docht neat foar jo

“We are happy to announce and inform you … ideas from the communities of the Frisian region will travel all over Europe and new European ideas will come to Fryslân.”1 Prachtich! A spectre is haunting Europe again. Wy ha krekt past op Marx & Engels. Proletaryske revolúsje is har tefolle eare, mar alle dagen leine stikken húsrie op plakken dêr’t se de dei derfoar hielendal net yn ’e buert wiene en wy lieten dat sa; toskleaze katten hâlde wy net fan en har ferspriedende saken binne wy foar.

Nei de happy ynlieding fertelt Tandem, it nijste bern yn ’e Fryslânmarketingsklasse—bytsje ûnwennich noch, te sjen oan wanskepsels lykas “Our vision is to see”—wat hja wolle. Hja sizze dat mei in hiel soad tekst, want tandem betsjut wiidweidich (letter lizze se út dat bedoeld wurdt in tandem, neist inoar, mar dêr fernimme jo neat fan) en mei de taal dy’t reklame typearret, dus posityf, empatysk en mei de klam op in posisjonearjen fan it oanbeane produkt as better as it oare, dus fol mei komparativen lykas “much more creatively and effectively”, dy’t nearne nei ferwize, want folle kreativer as wat? It meast populêre wurd yn de advertisement business, ‘new’, komt njoggen kear yn it tekstke foar: “new approaches to these challenges” [hokker?], “new realities” [hin?], “test new ideas” [hoe?].

Wat in idee is, ien of in pear gedachten, of in yndruk of algemien byld fan eat, of in miening of opfetting, komme wy net te witten, mar it sil it lêste wol wêze. Yn 2007 publisearre it Sociaal en Cultureel Planbureau fan de oerheid Marktplaats Europa: vijftig jaar publieke opinie en marktintegratie in de Europese Unie, mei yn dat rapport in ferliking fan Nederlânske attitudes mei dy fan de oare Europeanen, dêr’t út kaam dat Nederlanners sterke opinys hawwe. Dy sterke opinys binne lykwols net stabyl, want de sois-disant solidariteit en koöperativiteit gie lykop mei it (yn 2005) tsjin de Europeeske grûnwet stimmen, in tandem sis mar. Folksessinsjes lykas de solidêre identiteit fan de Nederlanner—“Mienskip [is a] bottom-up organised form of solidarity”—bestiene dus krekt sa lang as de opiny deroer, wat net lang hoecht te wêzen, yn alle gefallen net lang genôch foar in essinsje.

Mar ynienen stiet it der dan. “Tandem is a cultural collaboration programme that strengthens communities and civil society in Europe.” Civil society is de priveesfear en de net-oerheidsorganisaasjes, dus alle yndividuen en klups dy’t ûnôfhinklik binne fan de oerheid. Dy teoretyske ûnôfhinklikens late der as fansels ta dat it postmoderne opnij strukturearjen—lês: ôfbrekken—fan de wolfeartsteat—de civil society ta in kearnkonsept fan de neoliberale ideology makke, nammentlik as third sector: as ferfanging fan it sosjale fangnet fan de wolfeartsteat.

It opkommen fan de third sector is dus gjin gefolch fan de tanimmende demokrasy yn in steat en as gefolch dêrfan de sterkere boarger foar de oerheid oer, mar fan it opnij strukturearjen fan de wolfeartsteat. Hie de definysje fan civil society ea in aura fan de wil fan it folk droegen, dy frije wil is no de etyske plicht om foar syn omkriten en fermidden te soargjen. It is gjin wûnder dat just de kristlike polityk dy minsklike plicht om te soargjen foar de wrâld, dêr’t de oerheid dat sitte litten hat, promoatet as goed. Civil society is goed foar ús. Hold net Kristus sels him fier fan polityk, dus wy moatte dat ek dwaan; sa ken it Midden-Eastenprojekt fan Tandem “the aim of strengthening a number of existing independent [from government] structures.”2

Wat de ûnôfhinklikens oanbelanget, Tandem-Fryslân is in inisjatyf fan Stichting Europese Culturele Hoofdstad 2018 Leeuwarden Fryslân, de klup dy’t ûnder de wjukken fan ferskate oerheden de kulturele haadstêd yn Fryslân organisearret, de European Cultural Foundation, in klup yn Amsterdam dy’t events en projekten organisearret en fan wa’t yn de ‘about us’ net stiet wat de doelen en missys binne (ek net oft der doelen of missys binne), en MitOst e.V., in klup dy’t Europeesk-ynternasjonale festivals organisearret. De Tandemwebside is fan de MitOst Verein. It jild komt fan ûnder oaren it Fonds voor Cultuurparticipatie, dat in administratyf orgaan is fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen om syn belied út te fieren.

Lytse, ‘swakke’ oerheden mei in sterke civil society dy’t alle dagen brûsde fan nije assosjaasjes en koöperaasjes, dat wie wat it politike fjild woe yn de jierren njoggentich en sa brûkten hja it konsept fan civil society: ynstee fan political society. It gefolch dêrfan wie it ôfspjalten fan in third sector dy’t wiswol meiprate woe oer polityk, lykas mondiale miljeuaktivisten en de transnasjonale Ya Basta!-solidariteitsbeweging, ek om’t der hieltyd mear romte kaam foar third sector activism doe’t as gefolch fan besunigingen oerheden lytser waarden. Wylst de macht fan de goeddiedigens-civil society komt fan de miljarden dy’t kristlike goededoelenfûnsen beskikber meitsje, hellen de aktivisten har charisma út de neokonservative opfetting fan ‘society against the state’, dêr’t civil society gearfalt mei kapitalistyske merk of mei boergeoisy.3 Hja seagen harsels as rêders. De feroaring fan de civil society foar de lytsere oerheden oer makke dat ek de machthawwers de civil society, rebellen of net, hieltyd mear seagen as panasee foar al it maatskiplike lijen, op it plak dêr’t earder de oerheid syn tsjinstferliening en soarchstruktuer west hiene.

De civil society hype berikte syn pyk yn 2000. Doe wie it oer. Behalven sa te sjen yn Fryslân en yn Dútslân dêr’t Tandem wei komt, mar Fryslân en Dútslân diele ek de stiiffêstens fan de Goth-subkultuer dy’t al tsien jier lang út rêst fan ’e wrâld ferdwûn is. It gie oer, net om’t antykapitalistyske- antyglobalistyske bewegingen lykas Occupy net effektyf wiene en sels net om’t se elitêr wiene, mar om’t it demokratysk nivo fan de civil society yn kwestje lutsen waard. Fansels is de priveesfear net demokratysk. Op de frije merk is it deagewoan dat Wij Van WC-Eend WC-Eend advisearje. Yn de civil society is it net tefoaren te kommen en ek net abnormaal dat de sjuery fan de Rely himsels in priis oanbefellet. Mar op de ien of oare manier ha wy, de gewoane boargers, dêr muoite mei as it om it iepenbiere libben giet. Wy fine wy it net earlik, wy wolle meibeslisse, wy wolle transparantens—en wy wolle godfer net langer oprêde wat ús oerheid efter him lit as in spoar fan fernieling, ûnderdrukking en miskenning.

Noaten
1 ‘Tandem Fryslân – iepen mienskip’, Tandem, 20 july 2017 <http://www.tandemforculture.org/stories/tandem-fryslan-iepen-mienskip/ > [krigen 4 augustus 2017].
2 Partner, ‘Cultural policy research and activism in the Middle East and North Africa’, Tandem, 11 novimber 2016 <http://www.tandemforculture.org/stories/cultural-policy-research-and-activism-in-the-middle-east-and-north-africa/ > [krigen 4 augustus 2017].
3 Frederick W. Powell, The politics of civil society: Neoliberalism or social left? (Bristol: Polity Press, 2007) 2-3.